Dichter fan Fryslân: 'Anne en Arie'

De earste rigels fan it gedicht 'Anne en Arie' yn it sân.
Dichter fan Fryslân Nyk de Vries skriuwt geregeldwei in gedicht mei in aktuele oanlieding. Dizze kear giet it oer it isolemint wêr’t in protte minsken yn sitte troch de coronakrisis. ,,Elts fielt him misskien sels wol in bytsje in eilân.’’
‘Anne en Arie’
Fannacht yn in dream
bin ik it strân oprûn
Fannacht einlik in foet
út dat stille tehûs
Fannacht op it strân stie
myn SOS der samar:
Wannear Anne
kinne we wer krûpe?
loading
Yn it ramt van Fryslân fan Boppen binne de strofen fan dit gedicht op it strân fan de fjour Fryske waddeneilânnen oanbracht en filme. Yn de útstjoering fan freed hearst Nyk de Vries it gedicht sels foardrage.