Dichter Edwin de Groot is ek operaasje-assistint. Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see is syn fjirde bondel. FOTO LC/SIEP VAN LINGEN

Dichter Edwin de Groot: ‘In minske giet foarby en alles is oké’

Dichter Edwin de Groot is ek operaasje-assistint. Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see is syn fjirde bondel. FOTO LC/SIEP VAN LINGEN

De earste tút sil by de measten ek net fuortendaliks foar 100 persint slagge wêze, wêrom soe dat by it lêzen fan in gedicht dan wol moatte? Neffens dichter Edwin de Groot is poëzij lang sa dreech net as guon minsken tinke.

Edwin de Groot (53) fan Aldeshaske is neist dichter ek sportman. Jierrenlang gie er der alle wiken wol in pear kear op út om te fytsen, te steppen, te skeelerjen of te reedriden. Fan de beide lêste foarmen fan bewegen komt it de lêste tiid net mear: slitaazje oan de knibbels en de heupen. Net dat soks him net spyt, mar wêrom dêr al te lang oer treure salang't er der noch mei safolle niget op de fyts en de step op útkin?

Syn heit is yn 2008 ferstoarn, hy mist him noch alle dagen. Mar dêrmei is de man noch net fuort, neffens De Groot. ,,Ik bin bliid dat ik him kend ha en dat is in grutter gefoel as dat er der net mear is.’’

It binne twa foarbylden fan kintsukuroi , fan it ‘reparearjen mei goud’. It is de Japanske keunst om stikken diggelguod mei goud- of silverlak sa moai te meitsjen dat it moaier wurdt as it earst wie. In skift yn de nije bondel fan De Groot – Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see – hat kintsukuroi as titel krigen.

K intsukuroi helpt in minske om him te fersoenen mei in libben sûnder perfeksje, helpt him by it talitten fan alles wat er oan ferlies en ferwûningen oprint. Soms is – lykas by syn heit – de rykdom fan de herinnering grutter as it gat dat in ferlies slein hat.

Dy manier fan tinken past ek by de Japanse filosofy wabi sabi. De Groot: ,,Ast troch in hjerstich bosk rinst kinst somber wurde fan de mist en de kjeld. Mar kinst dy ek fernuverje oer al dy prachtige kleuren brún dy’st om dy hinne sjochst.’’

In ferlykber effekt as kintsukuroi en wabi sabi hat it lêzen fan poëzij op him. Yn Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see hellet er de Poalske dichteres Wislawa Szymborska oan: ,,Je bent/je moet voorbijgaan/je gaat voorbij/en alles is oké.’’

Tekentafelmanager

Hoe wier dy wurden binne, hat er in jier lyn sels ûnderfûn yn sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean. Hy hie dêr tsien jier lieding jûn oan in ploech fan sa’n fjirtich operaasje-assisinten. Troch feroaringen yn de organisaasje feroare syn wurk hieltyd mear yn dat fan in tekentafelmanager en bleau der hieltyd minder tiid oer foar it kontakt mei de minsken op de wurkflier.

,,Ik moast my hieltyd mear skikke nei papieren en modellen. Dat past my net. Miskien hat it wol mei de dichter yn my te meitsjen. As dichter stiet myn antenne altyd út en dêrom is de ynteraksje mei oare minsken essinsjeel foar my. In libbensferlet.’’

De feroaringen op it wurk frieten oan him, hy krige sels hertritmestoarnissen. Op in stuit hat er besletten om syn funksje del te lizzen en wer operaasje-assistint te wurden: ,,Werom nei de tafel.’’

,,Je bent/je moet voorbijgaan/je gaat voorbij/en alles is oké.’’ De wurden fan Wislawa Szymborska beskriuwe krekt wat him oerkommen wie. ,,Dy rigels geane oer in hiel minskelibben, mar se geane ek oer perioades yn in minskelibben. De tiid dat ik teamlieder wie, hat west. Moatst net fêsthâlde oan in funksje ast dysels dêrmei te pakken hast. Moatst it loslitte, as dat better fielt. Ik gean no wer fluitsjend nei myn wurk.’’

In tema dat gauris yn syn gedichten opdûkt is de dea. Ek it titelgedicht Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see giet dêroer. Hoe heech in libbensfoarm ek is, it binne natuerkunde, biology en kosmos dy’t alles werombringe nei in molekulêr nivo. ,,Alles komt werom by de oarsprong, it makket net út hokker rûte dêrfoar ôflein wurde moat.’’

De Groot hat gjin religjeuze opfieding hân, mar hy erkent wol dat minsken ferlet hawwe fan de treast fan mystifikaasjes en fan de rituelen dy’t dêrby hearre. ,,It libben is gjin wittenskip. Wy pretindearje dat wy oeral macht oer ha, dat wy it hiele libben fêstlizze kinne yn foarskriften en protokollen, mar as it derop oankomt wurde wy dreaun troch in oergefoel.’’

De dichter neamt himsels leaver agnost as ateïst. ,,Ast dysels ateïst neamst, slacht dat elk petear dea: krijst twa minsken tsjinoer elkoar dy’t elk efter it eigen gelyk oandrave. Ik moat op sokke mominten oan ús pake tinke, dy’t in nij paspoart krige en dêryn lies dat er Nederlands-hervormd wie. By wa’t sels neat opjoech, kaam dat der automatysk yn te stean doedestiids. Pake sei: ‘Godferdomme, ik bin Nederlands-hervormd’. En dêr liet er it by.’’

Autoride

De Groot is fyftjin jier lyn, nei’t er fan It Hearrenfean nei Aldehaske ferhuze wie, pas serieus begûn te dichtsjen. Kuierjend mei de hûnen foel him op in dei in rigel yn oer de sinne dy’t yn de beammen by it Nannewiid klapt. Hy liet de rigel in pear kear yn him omgean en stelde fêst dat it poëzij wie. It wie syn berte as dichter. Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see is syn fjirde bondel.

Lêstendeis hat er in lêzing foar de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen holden yn De Belvédère. Dêr hat er it ûnder oare hân oer al dy minsken dy’t sizze dat poëzij te dreech foar har is. ,,Dêr haw ik sein dat in minske it swimmen en it auroriden ek net yn ien kear leart. En de earste tút sil ek net daliks hielendal goed gien wêze. Sokke dingen moat men de tiid foar nimme en dat is mei poëzij net oars.’’

It foardiel fan poëzij boppe swimmen en autoriden is dat de lêzer it eins net ferkeard dwaan kin. ,,Minsken tinke dat se it goed dwaan moatte, dat se in gedicht begripe moatte. Mar wa bin ik om te sizzen dat immen in gedicht fan my net begrepen hat? In lêzer hat de frijheid om in gedicht te ynterpretearjen sa’t er dat sels wol, om syn eigen fantasij te brûken. De iennichste dy’t yn de fout gean kin is de dichter, as er fernimt dat er mooglik de ferkearde wurden brûkt hat.’’

,,Ik skriuw dy gedichten yn earste ynstânsje foar mysels, ik haw der sels ferlet fan. Mar as minsken myn gedichten lêze wolle, graach. Wat mear, wat better. Dan marris in jûn gjin Boer zoekt vrouw , soe’k sizze. Lês in gedicht, blêdzje troch in boek mei skilderijen, stoarje in oere yn ’e houtkachel. It binne allegear dingen dy’t in minske eefkes út syn deistige manier fan tinken helje.’’

,,Yn De Belvédère haw ik oan ’e hân fan twa gedichten ferlike hoe’t Eva Gerlach en Toon Hermans oer de dea skriuwe. Yn it gedicht fan Eva Gerlach komt it wurd ‘dea’ hielendal net foar, se skriuwt oer ‘het bed dat je afdruk nog niet kwijt wou’. Dat is plastysk, taastber, it is sa’n moaie rigel, dy resonearret noch in skoft yn dyn holle nei’st ’m lêzen hast.’’ Elke lêzer kin sa’n byld op syn eigen manier ynfolje. De dichter jout in triuwke, de lêzer bepaalt wat er dêrmei docht.’’

,,Dat is hiel oars as Toon Hermans. Dy skriuwt planút: dit giet oer de dea. Dat is net minder, mar it is wol in folslein oare manier fan skriuwen.’’

,,Der binne genôch minsken dy lêze allinne mar Skandinavyske thrillers of Saskia Noort. Ek dêr is neat mis mei, mar it is sa skande dat se noait ris wat oars lêze. Nim allinne al de Fryske poëzij. Arjan Hut, Elske Kampen, Sytse Jansma, Jacobus Smink, it binne fjouwer folslein ferskillende dichters yn in lytse taal as de Fryske. En se skriuwe alle fjouwer gedichten dy’t der wêze meie. Wat in rykdom.’’

Tim Hofman

It ferskil yn media-omtinken mei de Nederlânske poëzij is pynlik grut, fynt De Groot. As BN’er Tim Hofman in dichtbondel publisearret, is er in pear wike lang net fan it televyzjeskerm ôf te slaan en stiet it boek binnen de koartste kearen mei 12.000 ferkochte eksimplaren boppe oan de boeketop 10 fan NRC Handelsblad . Fan de measte Fryske dichtbondels wurde net mear as inkelde tsientallen eksimplaren ferkocht.

Wat men dêr fierder ek fan tinkt, it bewiist neffens De Groot wol dat poëzij net elitêr is en dat de media der in soad oan dwaan kinne om mear lêzers te berikken. ,,Pak in bondel fan Jacobus Smink, lês in gedicht en hy nimt jo mei nei Gaasterlân en nei de pleats fan syn heit. Lit dat sjen op Omrop Fryslân.’’

De Groot is sûnt in jier ‘Feandichter’, dichter fan de gemeente It Hearrenfean. Hy hat noch in jier te gean. Ek yn dy funksje fernimt er hoe dreech it is om in grutter publyk mei poëzij te berikken.

Fan de seis gedichten dy’t er skreaun hat, hawwe der twa yn de Heerenveense Courant stien, de oare fjouwer binne net fierder kommen as de webside. Dat is spitich neffens him. ,,Se meitsje my net wiis dat de minsken massaal dy webside lêze.’’

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 4,99 per maand. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct