Dichter Bartle Laverman: ‘In gedicht oerkomt my’

Der binnne minsken dy sjogge tsien kear deselde film, mar dat gjin twa wolkens gelyk binne, sjogge se net. Bartle Laverman fynt ynspiraasje yn it libben fan aldendei.

Boerenuchterheid, it wurd past by Bartle Laverman (1948) as by gjin oar. Syn libbensfilosofy? Alles yn it libben bart mar ien kear en dêrom moatst it net ferskite mei it lêzen fan twahûndert appkes op in dei. Of troch oeren efter elkoar mei in Virtual Reality-bril op 'e holle troch it hûs te rinnen.

,,It libben is boeiend genôch, it probleem is dat de measte minsken net goed sjogge. Gean nei bûten of stap yn 'e trein en sjoch om dy hinne. Sjochst alle kearen wat oars, gjin wolk is gelyk. Dêr skriuw ik oer, myn poëzij bestiet út hiele deistige gedichten. Ik bring de lêzer net it hegere, ik bedriuw gjin metafysika.’’

Boer en filosofydosint

Dat lêste – skriuwe oer wat boppe it materiële útstiicht – hie oars skoan kind. Laverman studearre teoretyske en filosofyske pegagogyk en hy wie jierrenlang filosofydosint oan keunstakademy Minerva yn Grins. Mar hy hat ek boer west, hat syn pleats by Offenwier mei syn eigen hannen ferboud, is byldzjend keunster en âld-galeryhâlder en wurket mei yn de grutte tún fan syn frou oan de Griene Dyk. Hy is, mei oare wurden, in man dy't net yn ien, twa of trije hokjes past.

Syn earste gedichten skreau er, doe't er op de kristlike kweekskoalle yn Snits siet. Dêr wie er troch syn grifformearde âlden nei tastjoerd, om't op de kristlike kweekskoalle yn Ljouwert in learaar foar de klasse stie fan wa't bekend wie dat er de evolúsjeteory oanhong. Sokken koe harren jonge mar better net oan bleatsteld wurde.

It wiene de jierren sechstich. ,,Ik woe wat artistyk wêze. Liet it burd stean, droech lange jassen, kaam yn de redaksje fan 'e skoalkrante. Dichtsjen hearde dêr ek by. Earst yn it Nederlânsk en songteksten yn it Ingelsk, mar ik bin al gau oergien op it Frysk. Myn earste publikaasje wie in ferhaal yn in jongereinnûmer fan De Tsjerne. Ik publisearre ek yn oare blêden en op in stuit waard ik foar de redaksje fan Trotwaer frege.’’

In echte Fries , de nije bondel dy't krekt út is, is syn trettjinde. In moai resultaat foar immen dy't allinne mar wat artistyk wêze woe doe't er jong wie. Of siet it ferlet om poëzij te skriuwen dochs djipper?

Bartle Laverman: ,,Wêrom't ik altyd trochgien bin? Wat moat ik dêrfan sizze? Ik wit it net. Ik nim my noait foar om in gedicht te skriuwen, sa wurket it net. It oerkomt my. Ik krij in idee en dan is it meast ek frij gau klear. Ik bin net ien dy't withoelang ompielt mei in gedicht.’’

Islamityske Steat

Syn ynspiraasje hellet er út ,,de gewoane dingen fan it libben’’, út foarfallen dy't er op 'e televyzje sjocht, yn 'e krante lêst, dy't er fan tichtby meimakket. Grutte ûnderwerpen makket er lytser, wat fier fuort bart hellet er tichterby. It helpt him om him better yn te libjen, om saken better te begripen. Faak lizze de paralellen tusken foarfallen fan fier fuort en tichtby, fan foarfallen út in fier ferline en it no, foar it gripen.

In foarbyld. De grize gie him oer de grouwe doe't er de bylden seach fan Islamityske Steat, fan beulen dy't minsken mei swurden ûnthalzen. ,,Mar hoe lang is it lyn dat soks hjir ek barde? Ik moast oan de geuzen tinke dy't de papen rêch-oan-rêch fêstbûnen yn Gorcum en se yn de rivier smieten. Op de grifformearde skoalle dêr't ik op siet, waard dat presintearre as in heldedied.’’

De bylden fan IS ynspirearren Laverman ta in fers oer Grutte Pier, dit mantsje. Dêryn komme de rigels foar: ,,hy soademitert/skipfolk/fan in oare stam/sûnder betingst/it kâlde sâlte wetter yn//syn hollehakkersswurd/ús grutske relikwy//teken foar frexit.’’

Laverman: ,,Dat swurd wie oan twa kanten flymskerp, sadat er mear hollen ôfhakke koe.’’

Gjin romantikus

De dichter freget him noait ôf wêr't er oer skriuwe sil. Hy is ek net in man dy't de literêre ûntjouwingen op 'e foet folget. Yn syn stúdzjetiid hat er in soad boeken lêzen, dêrnei hie er dêr gjin tiid mear foar. Hy hie in folsleine baan oan Minerva yn Grins, thús molk er tolve kij – molke foar de tsiismakkerij fan syn frou – en hold er skiep en bargen. Yn de wykeinen ferboude er de pleats en boude er nije hokken. ,,Noait nei in tekening; gewoan mei stappen de boel útmjitte en begjinne. En as de frou it net moai fûn, bruts ik it wer ôf. Prachtich wurk.’’

Ek yn dy drokke jierren gie it skriuwen fan poëzij gewoan troch. ,,Ik siet deis twa kear oardel oere yn 'e trein. Dêr krige ik ynfallen en skreau ik gedichten. Mar as ik thús kaam, woe ik mei de hannen wurkje.’’

Alhoewol't er biologysk buorke en dêr ek wol fersen oer skreau, sjocht er himsels perfoarst net as in romantikus. ,,Romantyk assosjearje ik mei nostalgy. Dêr haw ik gjin lêst fan. Ik wurke net biologysk om't dy manier fan buorkjen yn it ferline better wie, mar om't it op dat stuit better wie foar de minske en foar de natuer.’’

Melkmasine

Yn in echte Fries steane neist gedichten ek skilderijen fan Bartle Laverman. Dat skilderjen is er mei úteinset doe't er buorke. ,,Dat melken duorre my faak fierste lang. De melkmasine die it wurk en ik siet der nei te sjen. Om it wachtsjen te bekoartsjen pakte ik meast in planke en dêr skildere ik op. Foaral kij, skiep en bargen. Ik koe de direkteur fan it lânboumuseum yn Eksmoarre wol, hy woe dy skilderijen wolris eksposearje. Dat wie myn earste útstalling.’’

Earder hie er trije jier in galery hân yn Grins. ,,It wie yn 'e tiid dat Frans Haks direkteur fan it museum yn Grins wie. Hy moast neat fan figurative keunst ha, keunstners dy't wol figuratyf wurken waarden ferhûddûke. Ik spesjalisearre my yn dy galery krekt yn figurative keunst. Dêr ha'k ik goeie saken mei dien.’’

,,Dêr haw ik aardichheid oan. Wurk dwaan datst graach dochst en útkomme mei it jild. De measte boeren kinne goed rekkenje. Dat sil ek wol moatte, moatst de ein fan de winter wol helje mei it hea.’’

It Frysk eigene

Dy boerenuchterheid klinkt ek troch yn de poëzij fan Laverman. In oantal gedichten giet oer syn ferhâlding ta Fryslân en ta wat ûnder it Frysk eigene beflapt wurdt. Yn it titelgedicht somt er op wat er allegear net kin: ,,ik kin net sile, Folksgenoaten/gjin alvestêdekrús/stiet yn myn rêchfel baarnd/fan keatsen ha'k gjin/snars begrepen/ en ljeppen is oan my/wier net bestege.'' Om te einigjen mei: ,,slút my/yn jimme mienkskip/en neam my/ ien fan ús .’’

Mei in ferlykbere irony besjongt er yn it fers mienskip de grutskens fan de Friezen op har ferline en har mienskipssin. It begjint mei: ,,wy wiene sa earm/wy krigen blabze op 'e bôle/en de tiken/dy't ús ûnder de boksen/omheech krûpten/mochten net wei/'elk bist hat syn fet'/wie it sechje.’’

Laverman hat net it gefoel dat er echt diel útmakket fan de mienskip dêr't yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 te pas en ûnpas oer skreaun wurdt. ,,Ik stean wat oan 'e kant, mar slim is dat net. Ik fyn it wol moai om taskôger te wêzen. Ik lies krekt in stik yn de NRC oer de groepsdruk dêr't in protte minsken op 't heden ûnder lije. Der binne lju dy krije 200 appkes op in dei en as se dan ris net antwurdzje, krije se der fuort in lilk appke oerhinne. Dêr hoech ik net by te hearren.’’

Trinus Riemersma

Lang net alle gedichten yn in echte fries geane oer de Fryske identiteit. Yn it is niks sûnder Trinus freget er him ôf oft de Fryske literatuer noch wol fuortbestean moat no't Trinus Riemersma der net mear is. It einiget mei: ,,noch ienkear boekefeest/foar dy't harren baantsje ferlieze/en Piter B./dy't dea noch trochskriuwt//leuk dat Fries/ foar ymport/hobby foar froulju en homo's/of dêr in kombinaasje fan.’’

Bartle Laverman: ,,Trinus is de Godfather fan de Fryske literatuer. Hy wie gjin Stânfries, mar in man mei moderne, eigentiidske ideeën. As Trinus der net west hie, hie ik miskien net iens mear skreaun of wie ik op it Nederlânsk oergien. De Gysbert Japicxpriis meie se om my wol feroarje yn de Trinus Riemersmapriis.’’

in echte fries slút ôf mei in begjin . Nei't er earst fêststeld hat dat er deawurch wurdt fan it altyd mar wer oprêden fan in púnsoai, skriuwt de dichter: ,,it moat no mar ris út wêze/mei dat fernielen/betink ris wat oars!//mei in bal drave/bollen op 'e dyk/keatse/in leuk hinne-en-wer-praatprogramma//yn alle gefallen:/ gjin testosterontsjes/niks gjin griene baretten/wêrom gjin nichten/yn satinen pakjes/en fuort mar wer:/selsbreide gewearen!//en dan/'so you think you can dance?!'/as oarloch///yn alle gefallen in begjin’’.

Bartle Laverman: ,,As ik bylden fan Aleppo en al dy oare stêden sjoch dy't bombardearre binne of dêr't in bom ôfgien is, krij ik datsoarte ideeën. It giet oer de deaden dy't fallen binne - fansels -, mar watst altyd wer op de bylden sjochst is in oan pún sketten stêd. En ik tink alle kearen: hoefolle jierren sil it kostje om dy púnheap op te rêden en dêr wat nijs foar yn it plak te setten? Dan gean ik sitten en skriuw.''

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct