Martsje de Jong, columniste.

De krêft fan in oersetting

Martsje de Jong, columniste. Foto: Marcel Jurian de Jong

Fannewike ferskynde it berneboek Tije fan skriuwster en yllustratrise Mirjam van Houten op de Færoër eilannen. Net in plak dat no drekt foar de hân leit, ast tinkst oan in oersetting fan in boek, mar it resultaat fan in boekeruil dy’t fuortkomt út de kontakten fia it Network to Promote Linguistic Diversity. Tagelyk mei de Færoërske Tije , ferskynde hjir it boek ‘De Beam’, fan Bárður Oskarsson.

Oersettingen binne nijsgjirrich en wichtich. Se binne fan belang foar de taal: in oersette topper út de berneliteratuer yn de eigen taal wurdt faak earder kocht en lêzen as in nijskreaun boek, inkeld om’t de bekendheid der al is. Dêrmei draacht sa’n oersetting by oan de behearsking fan de memmetaal.

Mar der is mear. Boeken binne in finster op it lân dêr’t se skreaun binne. Dy’t se lêst krijt ûngemurken in byld fan de kultuer, de maatskippij yn dat lân. ‘Dat kin op ynternet makliker en flugger,’ sizze de bern dan. Se hingje hiele dagen foar Netflix, Videoland en Disney+ en sjogge dêr wat se mar tsjinkomme. Byld en lûd sitte der kant en klear by, dat makket it oantreklik.

Dêrmei ferlearst de feardigens om te lêzen. Om mei eigen fantasij in byld en soundtrack te skeppen by it ferhaal. Krekt dêryn sit de magy fan in boek. Dy op eigen krêft ynlibje yn de situaasje, yn de personaazjes, begripe watst lêst. Bist derby belutsen. Op in byldskerm sjochst de hiele wrâld, mar komt ek echt binnen watst sjochst? Dosinten slaan al skoften alarm oer de lêsfeardigens fan learlingen. Folwoeksenen reagearje benammen op sosjale media op berjochten sûnder echt te begripen hoe en wat. Tekst dy’t troch de eagen scand wurdt, mist de ôfslach nei holle en hert.

Mei ynternet leist maklik kontakt mei de hiele wrâld en alle kulturen dy’t dêryn te finen binne. Jongerein is nijsgjirrich nei oare wrâlden en fynt dy op it skerm. Troch boeken oer te setten kinst ideeën fan kultueren útwikselje. As bern lies ik Arendsoog en learde sûnder erch oer it wylde westen, oer cowboys en yndianen. Dat wie wol in hiel stereotype byld, mar hawar, ek dêr hie ik gjin erch yn, lit stean dat soks my pleage. Niels Holgersson wiisde my lânskip, bisten en skiednis fan Sweden.

Op de middelbere skoalle moast ik foar de taalfakken in grut tal boeken lêze foar it eksamen. Ik krige de kar út in yndrukwekkende list fan titels, ûnderferdield yn tiidrekken want it mocht net allinnich mar moderne literatuer wêze. Dy boeken iepenen wrâlden dy’t ik net koe. Myn wurdskat waard gutter en ik learde nei te tinken oer wat der ferteld waard. Learde in tekst te ferklearjen, mar ek te ynterpretearjen en krige in earste foarsichtige miening oer de skientme fan literatuer, al wie dy hiel puberaal beheind ta kreten as ‘te lang’, ‘te dreech’, ‘saai’ en ‘wol troch te kommen’.

Ik learde te hâlden fan Bezonken rood , Eline Vere en Max Havelaar . Oersettingen sieten der net by, dat wie net tastien. Noch net. Miskien is dit it momint om op dy list ek oersettingen ta te stean fan literatuer oer de hiele wrâld wei, sadat lêzen in weardefolle oanfolling wurdt op wat der alle dagen oan ynformaasje op ús ôf komt. Sûnder mediafilter ûntdekke wat der spilet yn oare kulturen. Boeken ferbine miskien wol mear as ynternet.

martsjedejong@gmail.com

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct