Martsje de Jong, columniste.

De Wâldsang

Martsje de Jong, columniste. Foto: Marcel Jurian de Jong

Fryslân is in provinsje mei in rike tradysje fan amateurmuzyk. Nearne binne safolle korpsen en koaren as hjir. By de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân (OMF) binne 230 ferienings oansletten, koaren net meirekkene.

Yn de jierren santich ûntstie yn Fryslân in nije streaming by de korpsen: de brassband. Dit út Ingelân oerwaaide fenomeen mei de woartels yn it Leger des Heils blykte it behâld foar in soad doarpsfanfares dy’t de besetting net mear kompleet krije koene om’t as gefolch fan de fiergeande yndustrialisaasje de doarpen leechrûnen. In brassband kin mei minder minsken ta en sadwaande koene ferienings dochs bestean bliuwe. Grutte oanjager fan dat proses wie Tjeerd Brouwer, dy’t der ûnder mear foar soarge dat De Bazuin fan Oentsjerk brassband waard en it koperensemble fan muzykskoalle De Wâldsang fan Bûtenpost ek. Beide korpsen hellen nasjonaal en ynternasjonaal grutte suksessen. De Wâldsang waard yn 1999 sels útroppen ta brassband fan de iuw.

Muzikanten fan dizze beide topbands komme út de omlizzende doarpen en binne yn eigen doarp meastentiids ek noch lid fan it korps, dêr’t se in foarbyld binne foar de jonge leden. De measten fan har ha les hân op de streekmuzykskoalle yn Bûtenpost, dêr’t de gemeenten Noardeast-Fryslân, Tytsjerksteradiel, Dantumadiel en Achtkarspelen drager fan binne.

Wittenskiplik ûndersyk hat oantoand dat bern dy’t muzyk meitsje of sjonge gelokkiger en evenwichter binne as oare bern. Se reitsje ek minder faak yn ’e skuorsek. Muzykmeitsjen leart ús lústerjen nei en gearwurkjen mei minsken fan alle leeftiden. Sjongen befoarderet dêrneist it taalgefoel en is sels fakoerstiigjend as wy sjonge yn oare talen, oer skiednis, oer aktuele ûnderwerpen. Yn drege tiden jout kultuer ús in útwei, bringt ús efkes nei in oare wrâld.

Mei om dizze reden waard op 20 septimber 2018 yn De Lawei yn Drachten it konvenant ‘Mear muzyk yn de klasse’ ûndertekene, dat garandearre dat yn 2022 alle 52.000 basisskoallebern fan de provinsje Fryslân struktureel muzykûnderwiis krije. Dy krabbel waard setten troch de provinsje en troch gemeenten. Troch skoalbestjoeren, PABO NHL-Stenden, it Prins Claus Conservatorium en it OMF. Partijen dêr’t jo fan oannimme meie dat se harren beloften neikomme.

Bern dy’t muzyk meitsje binne gelokkiger

Achtkarspelen sette ek de hanteken ûnder dizze ôfspraak. Yn it kolleezjeprogramma waard hjirfoar sels ekstra budzjet tasein. Mar beloften fan grutten binne in aai yn ’e hannen, en dat stikken. It kolleezje lûkt de keutel yn en wol de folsleine subsydzje oan kultuersintrum De Wâldsang, dy’t de lessen op de skoallen fersoarget, skrasse. Ek de stipe foar de yndividuele learlingen fan de muzykskoalle moat ferfalle.

Kultuersintrum De Wâldsang kin sûnder de subsydzje fan Achtkarspelen gjin les mear jaan oan de skoalbern yn dy gemeente, want skoallen sels ha de sinten net om soks te bekostigjen. As ek Dantumadiel de foarnommen besuniging trochset, kin De Wâldsang allinnich bestean bliuwe as de lessen foar de yndividuele learlingen twa kear sa djoer wurde. Dat is foar in soad âlden net op te bringen. Grutte kâns dat dit de ein betsjut fan it kultuersintrum, dat jierliks hast seistûzen bern yn ’e kunde komme lit mei muzyk.

Seistûzen bern dy’t net sjonge, harp-, fioele-, of pianospylje. Net drumme of blaze. Mei ien pinnestreek in haal troch de pop- en korpskultuer fan de Wâlden. It is te hoopjen dat de gemeenterieden fan Achtkarspelen en Dantumadiel dizze besunigings keare, oars is De Wâldsang skielk oars net mear as in aardich ferske dat net in kop mear sjonge kin.

martsjedejong@gmail.com

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct