Sutelaksje.

De provinsje en de priis fan it Frysk

Sutelaksje. Foto: LC/Jan de Vries

De Fryske taal is wichtich foar it wolwêzen fan de Friezen, stiet ûnder oare yn de provinsjale nota Nij Poadium 2021-2024. It behâld en stimulearjen fan it gebrûk fan de Fryske taal hat wol in priis. De Provinsje stekt der miljoenen euro’s yn sadat oer tsien jier in grut part fan de ynwenners fan Fryslân de taal machtich is. Alteast, dat is it doel.

Deputearre Sietske Poepjes (Taal en Kultuer) wie mar wakker optein doe’t se de útkomsten fan de Fryske Taalatlas 2020 begin septimber presentearre. Neffens har giet it poerbêst mei de Fryske taal. Mear ynwenners soene sûnt 2015 – doe waar de enkête ek hâlden – de taal lêze en skriuwe (fan 35 nei 40 prosint). Der wiene 6500 minsken fan de 22.400 oanskreaune ynwenners dy’t reagearren. Dat klinkt posityf, mar it is gjin wittenskipplik ûndersyk.

De Provinsje lit mei sa’n fluchskán sjen dat harren ynspannings om it Frysk oan de man te bringen, fertúten dogge. De Provinsje is ommers Taalskipper en docht dêrom alle war om it gebrûk fan it Frysk yn it ûnderwiis, media, kultuer, rjochtspraak en it sosjaal en ekonomysk libben te stimulearjen. Soks is fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), in ôfspraak tusken it ministearje fan Ynlânske Saken en de Provinsje.

It komt der koart sein op del dat 10 prosint mear ynwenners fan Fryslân yn 2030 Frysk prate, lêze en skriuwe kinne. Der wenje no 640.000 minsken yn de provinsje, wêrfan 70 prosint neffens ûndersyk Frysk prate.

Grutte ambysjes koste jild. Dat de organisaasjes dy’t harren yn Fryslân bekroadzje om it Frysk kin oan de bak. Soe der jild genôch wêze om alle doelstellings te beheljen? Wurdt it jild op in goeie manier ynset? Giet der net tefolle jild nei in pear ynstellings? De ien sil sizze fan wol, in oar fan net. Mar wis is wol dat der de kommende jierren noch faak oer diskusseard wurde sil. Beliedsmjittich giet de provinsje der fan út dat dy doelen wol helle wurde, seit in wurdfierder. De deputearre wol der dan no ek noch net fanút gean dat it net slagget. Poepjes hat ek noch wol tiid, 2030 duorret noch wol efkes.

loading

Wat hat de Provinsje oer foar it beheljen fan de ambysjes? Mei oare wurden: wat mei it Frysk kostje?

De Provinsje hat de ambysjes foar de Fryske taal en kultuer fêstlein yn de nota Nij Poadium 2021-2024. Derút docht bliken dat der elts jier 8,5 miljoen euro beskikber is oan’t en mei 2024. Dat is 33,6 miljoen euro yn totaal.

Wêr giet dat jild hinne?

In hiel grut part fan it jild wurdt stutsen yn it ûnderwiis. Dêr giet jierliks 5.783.700 euro hinne. Derfân is 1,45 miljoen ryksbudzjet.

It ûnderwiis krijt út dy pot 2,5 miljoen euro. Under ynstellings dy’t harren dwaande hâlde mei de Fryske taal en it ûnderwiis wurdt 2 miljoen euro ferdield. Dy ynstellings binne de Afûk, Cedin, NHL Stenden Hegeskoalle, Sintrum Frysktalige Berne-opfang SFBO, Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en FERS PLF Tomke lêsbefoardering. Mar ek Tresoar, Keunstwurk, de Fryske Akademy, en de Universiteit fan Grins kinne gaadlike partijen wêze dy’t jild krije. As de projekten mar passe binne it belied foar it Frysk yn it ûnderwiis fan de Provinsje, meldt in wurdfierder.

Dan is der noch 540.300 euro foar ûnder oaren de learstoel Fryske taal en kultuer oan de Universiteit fan Grins, de ôfdieling fan heechleraar Fryske taal- en letterkunde Goffe Jensma. Dat jild út dy pot moat dield wurde mei it Meartalich Fuortset Ûnderwiis, foarskoalsk ûnderwiis en it lektoraat Frysk en meartaligens oan NHL Stenden.

Foar de ferskate subsydzjeregelingen ûnderwiis is 705.300 euro beskiker.

Hoe wurdt dy oare 3 miljoen euro ferdield?

Dat jild is bedoeld foar it befoarderjen fan it Frysk yn it iepenbiere libben. De Provinsje moat sawiesa jild stekke yn de útfiering fan de Wet gebrûk taal en Frysk taalbelied. Dêr falle ek de streektalen as it Stellinwerfsk en it Bildts ûnder. Foar dy taak is 875.000 euro reservearre.

Der giet 1.108.800 euro nei de taalynstellings. Dat binne de Afûk, it Frysk literêr tydskrift de Moanne (falt ûnder de ferantwurdlikens fan de Afûk), de Fryske Rie, It Frysk Amateur Toaniel (IFAT), de Ried fan Fryske beweging, it Gysbert Japicx-hûs, Stifting Hispel Frysk literêr Tydskrift Hjir , It Skriuwersboun, Ons Bildt, de Stellingwarver Schrieversronte, FERS PLF LêsNo lêsbefoardering en de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (STUFT.)

Der is 510.000 euro jierliks te ferdielen troch Boeken fan Fryslân, Taalkado, Dichter fan Fryslân en it Network to Promote Linguistic Diversity – dizze organisaasjes falle ûnder de ferantwurdelikheid fan de Afûk. Dit jier krijt de Afûk ek noch ienmalich 55.000 euro fan de provinsje om’t Tomke 25 jier bestiet. It jild is bedoeld om nij materiaal foar it brûken fan ’e Fryske taal by pjutten te meitsjen.

En fansels giet der ek jild nei Unesco City of Literature: 300.000 euro. Fan dat jild soenen beurzen foar skriuwers beskikber steld wurde kinne en moat foaral jongerein mear belutsen wurde by de Fryske literatuer. Der wurde jierliks tachtich boeken yn it Frysk útjoen, mar dy bin foar hiele lytse bern en folwoeksenen. Foar jeugd tusken de 6 – 12 jier en tusken 12 – 17 jier wurdt hast neat makke.

Fierders spilet foar de Provinsje Omrop Fryslân in wichtige rol by it befoarderjen fan ’e taal. De stjoerder wurdt stipe mei 734.700 euro.

Under it haadstik oer Frysk yn it iepenbiere libben yn de nota Nij Poadium, stiet de subsydzjeregeling Taal. Dêr is jierliks 250.000 euro foar beskikber. Wa kin dêr in berop op dwaan?

It jild út de regeling Taal is foaral bedoeld foar skriuwers en útjouwerijen. De Provinsje hat die regeling al langer. Foar dit jier kinne noch in oantal oanfragen ynstjinne wurde. Foar bygelyks de Fryske Literatuer is maksimaal 55.000 euro beskikber. Dat jild is foar skriuwers dy’t in toanielstik skriuwe yn it Frysk. Mar dat mei ek yn it Bildts as Stellingwerfsk. Toanielferieningen kinne bygelyks maksimaal 2000 euro krije at in skriuwer foar harren in stik makket.

Fierders kin der noch jild oanfrege wurde foar it oersetten en bewurkjen fan literatuer (der sit 45.000 euro yn de pot), foar promoasje fan Frysktalige boeken (20.000 euro), it Frysk taalgebrûk (25.000 euro) en útjouwers kinne in bydrage oanfreegje foar it útjaan fan Frysktalige literatuer (50.000 euro).

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct