Syb van der Ploeg yn it Kollumer Oproer. Foto Piet Douma

De Kast foar de muzyk, Kollum foar it teater

Syb van der Ploeg yn it Kollumer Oproer. Foto Piet Douma

Lit De Kast in jûn de eigen grutste hits en in rige yn it Fryske oersette hits fan oaren spylje en de fans hawwe in moaie jûn. Lit de Kast yn ’e mande mei 150 ferklaaide Kollumers sa’n jûn fersoargje en de fans binne tsjûge fan in teaterspektakel.

Wa’t nei Salomon giet yn ’e ferwachting dat er in serieus muzikaal drama oer it Kollumer Oproer fan 1797 foarset krijt, sil nei ôfrin lichtjes teloarsteld de tribune ferlitte. De wichtige feiten oer de striid tusken de Oranje-oanhingers en it patriottyske bewâld komme echt wol foarby. Mar skriuwer Dick van den Heuvel hat gjin momint serieus besocht om fan de beide haadpersoanen Salomon Levy en Jan Binnes minsken fan fleis en bloed te meitsjen mei wa’t de taskôger meilibbet.

Mei haadrolspilers as Syb van der Ploeg, Piter Wilkens en Jochum Rypma leit it yn ’e reden dat it yn foaral om ’e muzyk draait. Soms krijt it ferhaal in triuwke om it goed by ien fan de grutte Kast-hits oanslute te litten, de oare nûmers - Bin ik te min en Flechtsje kin net mear ûnder oare - binne útkeazen om’t se goed by it ferhaal passe.

Der wurdt mei útstapkes nei ‘40-’45, Foekje Dillema en it hjoeddeiske flechtlingenfraachstik wakker troch de tiid reizge, mar de troch Meriyem Manders spile Google Maps hâldt elkenien by de les. De troch Carla de Bruine songen Fryske ferzje fan Till it happens to you - in ferwizing nei #metoo is - trouwens ien fan ’e hichtepunten fan Salomon.

De kreative fynsten binne net altyd like subtyl. It opfieren fan de hearen Beerenburg, Joustra en Sonnema is noch wol aardich betocht – it slút moai oan by it ferneamde bearenburchliet fan Piter Wilkens – mar om sokken no kedize te litten oer de fraach wa fan de opstannelingen de dea fertsjinje, tsjûget net echt fan goede smaak.

Yn wêzen binne alle ferhaaleleminten ûndergeskikt oan de muzyk. De Kast krijt fersterking fan multi-ynstrumintalist Hubert Heeringa en in brassband, mei elkoar steane se garant foar in moai, fol lûd. It is benammen oan de strak ensenearre massasênes fan de 150 Kollumers te tankjen dat Salomon neist in konsert ek in teaterspektakel is.

Barren : teaterspektakel Salomon Tekst : Dick van den Heuvel Muzyk: Syb van der Ploeg Dekor : Jaap Groen Regy : Steven de Jong en Atsje Lettinga Sjoen : Maartensplein, Kollum, 4/7 Taskôgers: 1200 (fol) Noch te sjen : Allinne foar 9/7 binne noch kaarten. Stjerren : 4

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct