Fjouwer Fryske dichters en fiif út Aarhus smieten de lapen gear yn de twatalige bondel Oar hûs / Et andet hus. S a giet Fryske poëzy de grinzen oer: mei in bytsje rock-’n-roll.

Denemarken en Nederlân, Fryslân yn it bysûnder: se ha wol wat fan inoar. Dêr kaam Geart Tigchelaar efter nei 600 kilometer en in wike fytsen, yn 2015. Miskien waard er dêrom wol fereale op it lân, mar der spile mear.

,,Dat lânskip, dêr ha ik wat mei. It is krekt efkes heuveliger as hjirre. De minsken fyn ik ek hiel noflik en de taal, en ik hâld fan taal, luts my ek tige. Ik ha der in protte oer prakkesearre, mar ik tink dat dat it is. It is fertroud, dat kloppet, mar krekt oars genôch.”

Kulturele Haadsted

Aarhus is de twadde stêd fan Denemarken, nei haadstêd Kopenhagen fansels. Dizze stêd, dy’t yn 2017 Ljouwert foargie as Kulturele Haadstêd fan Europa, is foar in part it ûnderwerp fan de bondel Oar hûs / Et andet hus . ‘Oar hûs’: dat is ek krekt hoe ast Aarhus útsprekke moatst, dus dat komt moai út.

De fiif Deenske dichters komme dêrwei, alle dielnimmers ha in gedicht oer dy stêd makke, Tigchelaar sels makke dêr sfearfolle swartwyt-foto’s by en ek de oersettingen binne dêr foar it grutste part makke – doe’t Tigchelaar dêr yn 2019 wie mei trije Fryske kollega-dichters. Dy hat er sels útsocht: Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Cornelis van der Wal.

Dat krekt Aarhus sa sintraal stiet yn dit projekt, is foar in part tafal. Hy kaam no ienkear dêr telâne, of leaver yn in plakje sa’n 30 kilometer ûnder Aarhus, dêr’t er by minsken útfanhuze. Hie er krekt de oare kant út fytst, dan wie it miskien Kopenhagen wurden.

loading  

Ien op de seis is studint

Mar it waard Aarhus. Mar goed ek, want dy stêd resonearre daliks by Tigchelaar. It die him tinken oan Grins, de stêd dêr’t er Frysk studearre hat. Nammers: ien op de seis ynwenners fan Aarhus is studint. Sels is er hielendal gjin stedsminsk, seit er – hy wennet no yn Himpens, yn it grien.

Dat komt wol út: Aarhus is de twadde stêd fan Denemarken, nei de haadstêd, mar de minsken dêr fiele har net per definysje stedsminsken. ‘Aarhus is wrâlds grutste doarp / Net wrâlds lytste stêd’, dichtet Tomas Dalgaard yn Aarhus (in gedicht dat der fierder ek net om liicht: ‘Moai hat de stêd nea west / De hûzen yn Graven steane skean fan syfilis’).

Wa’t wol ris yn Aarhus west hat, sil dat sentimint wol werkenne: net allinne dichters, ek gewoane minsken ha it al gau ris oer ‘it grutste doarp fan Denemarken’. Mar Carsten René Nielsen, ien fan de fiif Deenske dichters, fynt dat mar ûnsin. ,,Der wenje 350.000 minsken”, seit er (yn it Ingelsk), it is wier wol in stêd.” En it is sa’n bytsje de iennichste Deenske stêd dy’t noch deselde opset hat as yn de Viking-tiid, ,,it is opboud yn de foarm fan in sipel, mei ferskate lagen. Miskien dat it dêrom foar guon minsken wat doarpeftich oanfielt.”

De Aarhus-reizger sil yn de bondel mear bylden fan dy stêd werkenne. ‘Optild boppe de dakken / Foarmet him in ring fan glês mei / ferskate kleuren in reinbei om / yn rûn te rinnen’, dichtet Annemette Kure Andersen oer it opmerklike, kleurrike bousel boppe op it Aros-museum. Dat komt ek werom op ien fan de foto’s dy’t Tigchelaar yn Aarhus sketten hat – minus de kleuren dan, hy keas foar swart-wyt.

loading

Libbende skriuwers

Tigchelaar kaam gauris op besite yn Aarhus, ek langere tiid om te skriuwen ,,as wie it myn skriuwers-arkje”. Hy learde Deensk en socht kontakt mei it wrâldsje fan kultuer, en, fansels, literatuer. ,,Ik wist net sa folle fan Deenske literatuer, ik tocht, dêr kin ik it bêste mei yn ’e kunde komme troch libbene skriuwers.” It Aarhus Litteraturcenter holp him fierder. Benammen it kontakt mei Nielsen, ien fan de meast ferneamde Deenske dichters waans wurk ek ferskynt yn de Feriene Steaten en Itaalje, wie tige noflik. Hy yntrodusearre Tigchelaar fierder by syn kollega’s. Nielsen hat ek al in kear as wat dizze kant út west, ûnder oaren om foar te dragen yn talepaviljoen Mem yn de Ljouwerter Prinsetún, yn Kulturele-Haadstêdjier 2018.

Sa ûntstie it idee om mei noch in stel Fryske dichters dy kant op, én om in twatalige bondel gear te stallen. Tigchelaar keas dus foar Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Cornelis van der Wal, allegearre suver in generaasje âlder as hy sels (hy is fan 1987). Syn artistike omkes, sis mar. ,,Ik ha der net iens sa lang by neitocht. Der binne ek net sa folle Fryske dichters fan myn leeftiid.”

Rock-'n-roll-assosjaasje

Hy hie der wat in rock-’n-roll-assosjaasje by, seit er: mei har fjouweren der op út en keunst meitsje. ,,Mar wy hiene gjin toerbus fol groupys.” It ploechje krige sels in namme: de Reade Runen. ,,Mar dat is net in dichterskollektyf lykas Rixt dat is. As Hein Jaap Hilarides in kear meidocht, is er dy jûns ek part fan de Reade Runen.” Dat is ek de namme fan de groepsapp.

Utfalsbasis fan dizze dichtersbinde wie Godsbanen, ek it plak dêr’t op 16 juny de bondel presintearre wurdt. Dat bart yn it ramt fan literatuerfestival LiteratureXchange. It is in âld frachttreinstasjon, omboud ta in ûnhuer grut kultureel sintrum dat plak jout oan in protte kreativen – ek it Litteraturcenter, niisneamd, is dêr. Sis mar: in grutte fersy fan de Ljouwerter Blokhuispoort. En ek Godsbanen wie wichtich foar it Kulturele Haadstêd-konsept, de organisaasje hat dêr in skoft sitten. ,,In hiel ynteressant plak.”

Dat oersetten, dêr wiene Tigchelaar en Nielsen al mei úteinset. ,,Oan de keukentafel”, seit Tigchelaar – syn behearsking fan it Deensk die gâns fertuten. By harren besite oan Aarhus giene de dichters twa oan twa, ,,yn spantsjes”, mei de oersettingen fan inoars wurk oan de gong. Dat gie dan fia it Ingelsk, ,,de lingua franca”.

As der in rûge fersy wie, waard de boel byslipe, ek op it mêd fan rym en klank. Want in gedicht is ommers mear as allinne de betsjutting fan de wurden. ,,Dan kinst it oer de nuânses ha.” Uteinlik is de boel hiel krekt neisjoen troch Lammie Post-Oostenbrink.

Fiif gedichten fan Cornelis van der Wal waarden publisearre yn it âldste (want oprjochte yn 1920) en wichtichste literêre tydskrift fan Denemarken, Hvedekorn , fêstige yn Kopenhagen. Wêrom krekt dy fan him? ,,Omdat it hiel goede gedichten binne”, seit Nielsen, ,,de redakteur fan dat tydskrift hie der ek in klik mei.”

It Deensk is net sa’n maklike taal, ek al binne der, op it mêd fan klank benammen, wol oerienkomsten mei it Frysk. ,,Ik haw it idee dat it Frysk en it Deensk yn ferliking mei it Nederlânsk tichter byinoar sitte’’, seit Tigchelaar. Eins binne it Sweedsk en it Noarsk moaiere talen, fynt er, mar Nielsen is it dêr net mei iens. ,,Ja, it Sweedsk miskien, mar it Noarsk perfoarst net.”

loading  

Wurdlidden ynslokke

Bykommend probleem is de grutte diskrepânsje tusken it skreaune Deensk en de sprutsen fariant. ,,Se slokke in protte wurdlidden yn, lykas de Grinzers. Dat makket it ien fan de dregere talen. Mar ast dat trúkje ienris troch hast, falt it wol wat ta.”

Nielsen fernuveret him deroer dat de poëzy fan Fryslân en Nederlân, oars as it proaza fan dat lân, yn Denemarken alhiel net bekend is. Hy bringt dêr graach feroaring yn, om te begjinnen mei it wurk fan Nyk de Vries.

Sels is er spesjalisearre yn proazagedichten, ,,en dêrom begûn eltsenien oer Nyk de Vries, doe’t ik dêr by jimme wie. Dat no sil ik syn Nederlânske proazagedichten oersette yn it Deensk. En hooplik kinne wy Nyk nei Kopenhagen helje om foar te dragen.” Oarsom is Tigchelaar dwaande mei in oersetting yn it Frysk van Nielsen syn wurk.

Nielsen wennet al net mear yn Aarhus, hy is ferhuze nei it eilân Samsø. ,,Mar dêrwei bist der gau wer. Ik fiel my noch altiten diel fan it kulturele libben yn Aarhus.’’ Lykas foar Ljouwert wie ek foar Aarhus de status fan Kulturele Haadstêd tige wichtich.

,,It hat in grutte yndruk makke, en it hat bliuwende effekten hân. Der binne moaie ferbiningen lein tusken de ferskillende ynstellings, de gemeente en de oare oerheden en de minsken yn it kulturele fjild. Minsken dy’t earder noait kontakt hiene, wurkje no mei-inoar op.’’

,,It wie hiel goed foar it kulturele selsbetrouwen fan de stêd. Wy witte no dat wy mear binne as it lytse broerke fan Kopenhagen, dat wy meitelle yn de wrâld.”

It liket Ljouwert wol.

loading  

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Interview
Friese taal en cultuur
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct