‘Ik ben groter als hij’ kin like goed as ‘ik ben groter dan hij’. In dûbele ûntkenning lykas ‘Ik heb nooit geen tijd’ is neat mis mei en ‘Ik ga met hun mee’ mei ek. It binne in pear opfallende saken út de nije digitale ANS, de Algemene Nederlandse Spraakkunst .

No drekt gjin nijs dat de foarsiden fan de kranten helle, mar troch guon skriuwers en benammen yn Flaanderen waard wakker ferheard en betiden sels nidich reagearre. De taal wurdt ferboelguodde.

Sprekkeunst is it gewoane wurd foar grammatika. Der kaam dus in nije ferzje beskikber fan de grammatika fan de Nederlânske taal. De lêste kear dat soks barde wie yn 1997. De tenei tastiene fariaasjes grize my oan. Ik sjoch dan ek mei in skean each nei de diskusje dy’t der, aldergelokst noch yn de marzje, fierd wurdt oer de d’s en t’s by tiidwurden.

Dêr’t guon fan fine dat se de taal allinnich mar ûnnedich dreech meitsje om te learen. Dêr’t ik dan wer fan fyn dat it in flau argumint is om te ferbergjen dat der mooglik in tekoart oan tiid en motivaasje is om soks út te lizzen oan learlingen dy’t alhiel gjin ferlet hawwe fan taalregels. Of om te foarkommen dat guon minsken net yn ien kear troch it eksamen rûgelje en dêrmei net in treflik eksimpel binne fan ús kennismaatskippij. De noarm nei ûnderen bystelle om de skyn op te hâlden dat wy allegear sa tûk binne.

No wit ik wol, taal is yn beweging en de ANS is gjin wet fan meden en perzen. It is gjin foarskriuwend orgaan, lykas in wurdboek, mar in beskriuwend orgaan. Yn de ANS stiet beskreaun hoe’t de Nederlânske taal brûkt wurdt en de foarbylden dêr’t ik dit stik mei begûn binne eksponinten fan it ynformele sirkwy. Lykwols komme dy foarmen no safolle foar, dat se neist de, âldere, noarmfariant bestean kinne.

Dat taal feroaret is logysk, mar ik hâld myn hert beet as de noarm ferdizenet

Master of juffer op skoalle sil yn in opstel net langer in reade pinne pakke as in learling skriuwt ‘ik ben groter als hij’, mar op syn slimst der in kringeltsje ûnder sette om sjen te litten dat it yn in formele brief al efkes oars moat.

Gauris wurdt by taalferoaring ferwiisd nei it ynformele, online, taalferkear fan jongerein likegoed as folwoeksenen. Strjittetaal, mar foaral ek erbarmlik taalgebrûk dêr’t jo de fiters fan út ’e skuon krûpe, mar dêr’t jo neat fan sizze meie, want it is ommers al moai dat se kommunisearje.

Mei it Frysk giet it noch folle mâlder, om’t bern dat op skoalle eins net leare en der in hiele generaasje heiten en memmen is, dy’t út soarte al gjin Frysk skriuwen leard ha op skoalle en sadwaande harren bern ek net helpe kinne. As bûtensteander immen op in flater wize, falt almeast ferkeard.

Dat taal feroaret is logysk, mar ik hâld myn hert beet as de noarm ferdizenet. Neffens my kin in taal net sûnder grammatikaregels en ek al is grammatika net yn beton getten, it skriuwt wol foar hoe’t it eins heart. It sil grif net lang mear duorje as yn it Frysk wurdt it omkearen fan tiidwurden goedkard.

Slim? Och, tink jo ris yn dat se dizze tinkwize ek loslieten op it rekkenjen. Dat ien en ien wol twa is, mar dat wy it ek goedrekkenje as immen trije seit. Dan stoarte tuorren en brêgen yn.

martsjedejong@gmail.com

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Column
Friese taal en cultuur
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct