Provinciedichter Eeltsje Hettinga: De Fearten

Eeltsje Hettinga is twee jaar lang de officiële provinciedichter van Friesland. Dit is zijn vijfde gedicht in die hoedanigheid. Het gaat over de melkstaking van 1943 bij Oudega.

DE FEARTEN

                      Molkestaking 1943, by Aldegea
                      Bouke de Vries (1907-1943)
                      Broer de Witte (1923-1943)

   It like in dei, ljocht as yn Obe’s dagen,
     kalm lei it Fliet en inkeld blinkende
  fisk wie de sinne boppe mar en poel.
    Heech yn it grien fan de hôven tearde
  Tiid alle dreamen iepen, “omfiemjend
     in tinken dat it libben tocht as ien.”

  Ay, tink dy dat ris yn! Mar skyn wie
    de rêst fan it geniet. Unrêst wjukke
  út de wolkens op, en hjir en dêr bûgde
    in toer de holle. As bloed rûn molke
  de fearten yn: in ferset tsjin alles wat
    it hert út it djipste fan frijheid helle.

  Hakken klapten tsjin sliepen, en blyn
    ferkaam de dei by geweld en gewear.
  Sûnder god of ingel is bleaun de tiid,
    leech allyk de trein Starum-Snits dy’t
  ûnferskillich, no de kimen yn rydt.
     Wat lit it libben langer tinke as ien?

Eeltsje Hettinga

Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement