Hanneke de Jong skriuwt Aksjeboek

Hanneke de Jong skriuwt it Aksjeboek foar Bern 2018, op fersyk fan Boeken fan Fryslân.

De yllustraasjes wurde makke troch Linda de Haan. It wurdt in boek foar bern yn de ûnderbou, geskikt om foar te lêzen of om sels te lêzen. It boek slút oan by it tema fan de Berneboekewike: Freonskip. It Aksjeboek sil fan 29 septimber oant en mei 31 oktober te keap wêze foar de aksjepriis fan 4,95 euro en wurdt útjûn troch Bornmeer.

Hanneke de Jong (1952) skriuwt berne- en jeugdboeken yn it Frysk en it Nederlânsk. Linda de Haan (1976) yllustrearret foar printeboeken, tydskriften, les- en lêsboeken en foar Omrop Fryslân.

Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement