Fiif winners Rely Jorritsmapriis 2018

Trije ferhalen en twa gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.

It giet om de ferhalen In bysûndere moeting fan Sipke de Schiffart (Ljouwert), It weagjen fan de see fan Lomme Schokker (Hillegom) en De ereksje fan in oar fan Koos Tiemersma (Drachten). De winnende gedichten binne Kintsugi foar in diggelbast fan Paul van Dijk (Warkum) en Sa as di wynd fan dae vlkenum waait fan Edwin de Groot (Aldehaske).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 63 ynstjoeringen ynkommen, te witten 36 gedichten en 27 ferhalen. It wie de earste kear dat de priisfraach ûnder auspysjes stie fan de gemeente Ljouwert, dy’t it bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns oerkrigen hat fan de op 1 jannewaris 2018 opdoekte gemeente Littenseradiel.

De sjuery bestie diskear út Tryntsje van der Steege, Karen Bies en Douwe Kootstra. De prizen fan 1000 euro elk wurde op sneon 6 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.

Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement